"Us heit frege oft wy noch in lêste kear meiwoenen om tsjûge te wêzen fan dizze Alvestêdetocht. Wy setten de auto by Tergrêft del en makken in kuier oer it iis rjochting Bartlehiem. Healweis seach ús heit yn it tsjuster ynienen in reedrider yn it reid sitten. Us heit spruts him oan en sei: "Moat ik jo noch in flinke triuw yn de rêch jaan rjochting Dokkum of sil ik jo redens mar ôfbine?" Wy koenen allegear wol sjen dat de man syn lea it bejûn hie. It bleau in pear sekonden stil en doe sei de man: "Ik denk dat dat laatste het beste is.""