Witst Jan, ik leau datst by in probleemstelling nei it probleem sjen moast. Want mei in ferskaat oan kreative en ûnetyske oplossings, hâlde je it probleem nammentlik gewoan yn stân. De hamfraach moat dêrom wêze: wêrom wolle minsken gjin kranten mear besoargje? Wêrom wolle minsken net mear yn de hoareka wurkje? Wêrom hawwe minsken harren nocht om foar de klasse te stean? Wêrom is der in tekoart oan timmerlju? Wêrom slagget it mar net om foar bepaalde fakatueren geskikte minsken te finen? En neffens my kinst dy fraach yn in pear sinnen beäntwurdzje.