"It stie as in peal boppe wetter. Doe't ik mem waard, woe ik perfoarst Frysk tsjin ús berntsje prate. Frysk is de taal fan myn hert en in grut ûnderdiel fan myn identiteit, ek al haw ik my der net altyd bewust fan west. Mei famylje, freonen en yn it doarp fan myn jeugd fierde it Frysk de boppetoan. Ik leau net dat ús heit en mem harren oait soargen makke hawwe oft harren bern wol leafde foar it Frysk fiele soenen. It is in noed dy't by my wol libbet."