"Sa, dit is alwer de lêste kollum fan 2021, en dat moat fansels al in spesjalen ien wurde. Mar as ik earlik bin meitsje ik de lêste dagen net in hiel soad bysûnders mei. Ik hingje thús wat om yn myn hearlike onesie en waarme sloffen en myn hier hinget op healwei sânen. Ik drink liters tee, ik set de kearskes oan at de skimer ynset en loungemuzyk folt de wenkeamer. Yn de hoekbank sit ik te relaksen mei in steapel tiidskriften dy't ik al tiden lêze woe, en ik wikselje dat ôf mei wat slûgjen yn myn hingstoel by it rút."