"Johan fielde him 21 jier lyn net iens hiel siik. Hy krige dan ek de skrik fan syn libben at er heart dat er hiv hat: in senario dêr't er er nea rekken mei hâlden hie. Hoe't er it krekt oprûn hat, wit er net, mar it docht der wat him oanbelanget ek net ta. Syn wrâld stoarte yn. En doe't hy hearde dat er noch heechút tsien jier libje soe, gong er op wrâldreis en waard yogadosint."