Listen

Description

"Muoike Griet is de twa jier âldere sus fan ús mem en troud mei de neef fan ús heit. Omke Goffe en muoike Griet rekken fereale op it ferlovingsfeestje fan myn âlden. Stel dy ris foar: twa ekspressive flamboyante sussen mei prachtige pipekrollen, dy't troud binne mei twa stoere silende neven mei robúste burden. Yn myn jeugd wennen omke Goffe en muoike Griet in pear hûzen fierderop. Sy hienen trije dochters yn deselde leeftiid as de fiif fammen by ús thús."