"As ik útstap by it treinstasjon fan Loppersum, wachtet Anita my al op. Wy sille in part fan de autotocht 'Scheuren door Groningen' meitsje. Efkes in rûntsje gas jaan troch it hert fan it ierdbevingsgebiet fan Grinslân. De route is in inisjatyf fan de Groninger Bodem Beweging. In toeristyske rûte lâns gaswinlokaasjes en gebouwen mei dikke skuorren. It fielt wat dûbeld. We wolle ús net as ramptoerist opstelle, mar wol ris mei eigen eagen sjen wat dy ierdbevingsskea no ynhâldt."