Listen

Description

"Sieta en ik hienen as jonge blommen de manlike lieder fan de groep fuort yn de kiker. In oantreklik eksimplaar, ien mei in moai bekje, dêr't wy bêst ris in jûntsje mei snavelje wolle soenen. Inkeld en allinnich as hy dat ek wolle soe fansels. De opperspotter hie lykwols gjin sekonde each foar dizze twa Fryske fammen mei klean yn de moaiste pronkkleuren. Hy gong oan de itenstafel folslein op yn de neibeskôgings mei syn ripe en oerripe kursisten yn skutkleuren. Se dienen útbûndich de lûden fan de tsjiftsjaf en de grutte bûnte spjocht nei, en der waard lûd lake at ien foardie hoe't fûgels inoar it hôf meitsje mei serenades en moaie dûnskes."