It is eins ûnfoarstelber dat it frackingsproses en de gaswinning yn Fryslân sûnder lûd protest út ús provinsje wei no hjir samar fierder yn gong set wurde sil. En dat wylst we witte wat foar ferskriklike gefolgen de gaswinning hat foar hûzen, pleatsen en iuwenâlde tsjerken. Om fan de psychyske skea by de minsken noch mar te swijen.