Listen

Description

"In skoftsje lyn wie ik yn Amsterdam om dêr kolleezje te jaan. In kollega fan de UvA fertelde my dat har fakulteit in nije heechlearaar Dútsk beneame woe en dat der tusken de kandidaten ek in memmetaalprater Dútsk siet. "Stel dy foar, dat hawwe wy net sa faak!", sei se noch. Wylst ik tocht oan al dy kollega's dy't foar de opliedings Frânsk en Ingelsk wurkje, dy't dy talen ek net fan hûs út prate, ferfolge myn kollega: "Hoe is dat einlik by jim yn it Noarden? Binne frisisten altyd memmetaalsprekkers?". Ik moast har it antwurd skuldich bliuwe. Ik moast my earst yn de saak ferdjipje, realisearre ik my."