Listen

Description

Ik fal fuortendaliks mar mei de doar yn hûs. Dit is foarearst myn lêste Omropkolumn. Net omdat ik myn nocht fan jim haw; hielendal net. Krekt oarsom. Yn myn earste kolumn sei ik al dat ik grutsk wie dat Omrop Fryslân my, nettsjinsteande myn aksint, frege hie om kolumnist te wurden. Yn in regio dêr't ik noch mar seis jier wenje, yn myn sande frjemde taal. Ik woe it yn myn kolumn oer it Frysk hawwe, oer meartaligens en oer it libben. Mar wat haw ik de ôfrûne fiif moannen as kolumnist sels belibbe?