De ôfrûne wiken wie ik wer mei myn studinten fan de RUG en NHL Stenden Hegeskoalle oan 'e slach, op lokaasje! In dochs wat nuver, mar tagelyk ek moai gefoel, om wer sa tichtby de studinten wêze te kinnen, letterlik en figuerlik. Alhoewol't in soad minsken faaks tinke dat it Frysk mar in marzjnale rol yn dizze twa ûnderwiisorganisaasjes spilet, fiere ús studinten in soad opdrachten út dy't te krijen hawwe mei de Fryske taal. Net allinne Frysktalige studinten dogge dat, al ús studinten. Se leare net allegearre Frysk te praten, mar se dogge der wol in soad ûndersyk nei. Dizze wike jou ik graach wat omtinken oan sa'n ûndersyk, fan ien fan ús studinten fan de research master, Sarah.