Listen

Description

Kommende snein de 26ste is it wer Europeeske Taledei. De Ried fan Europa wol dêrmei meartaligens yn Europa befoarderje en it ferskaat oan talen fiere, om sa it ynterkulturele begryp dat wy foar elkoar hawwe te fergrutsjen. Wa kin dêr op tsjin wêze? No't de koroanamaatregels it wer talitte, sil in dei earder, op 25, de betinking fan de slach by Warns, in stilstean by de Fryske frijheid en in symboal fan de Fryske identiteit, gelokkich ek wer trochgean kinne.