Juster wie it de stjerdei fan 'e gelearde Ubbo Emmius út Greet-Siel in Eastfryslân. In 1614 wie hy de earste rektor magnifikus fan de Ryskuniversiteit yn Grins. No, mear as 400 jier letter, is der wer in Fryske rektor magnifikus in Grins. Soest konkludearre kinne dat der dus in lange tradysje is en dat in soad itselde bleaun is troch de ieuwen hinne. Soest ek sizze kinne dat der in soad feroare is, want de hjoeddeistige rektor is de earste froulike rektor magnifikus dy't de universiteit hat.