"Entûsjast fertelt de jonge phd-studint hoe't er dwaande is my it ûntwikkeljen fan in syntetyske Fryske stim. En dat wylst er sels gjin Frysk praat! Troch it spraaktechnologyske ûndersyk rekket er belutsen by de Fryske taal en kultuer, oftewol de Frisistyk. Syn ynteresse en entûsjasme binne dúdlik as er oer it ûndersyk praat. Syn kollega's, dy 't har mei oare tema's lykas it werkennen fan sarkasme yn it Frysk of de gearhing en ferskaat om de Noardsee hinne dwaande hâlde, knikken ynstimmend."