"Troostrijke heiligenbeelden gewild in coronatijd " kopte de Ljouwerter Krante ôfrûne tiisdei op de foarside fan it katern Fryslân. Yn it paginagrutte artikel fertelt in samler, op de begeliedende foto te finen tusken syn bylden as is er ien fan harren, oer wêrom't minsken hillichbylden hawwe wolle: nostalgy, in weromkommend fenomeen yn ûnwisse tiden.