Listen

Description

"Somtiden hast even gjin ynspiraasje. Begjin jannewaris is foar in soad minsken nea de meast ynspirearjende tiid. De feestlike dagen lizze net mear yn it foarútsjoch, mar efter ús. De lege sjampanjeflessen wurde yn de glêsbak smiten, de slingers wer nei souder brocht en de ljochtsjes geane wer út. It waar is griis. Nei in perioade dêr ' tst hieltyd langer yn útsliepe koest, moatst wer betiid op. It opstarten op it wurk begjint....."