"Jierrenlang wie it Nederlânske motto "Succes is een keuze " en "Geluk dwing je af ", gelok en sukses binne dêrby blykber ynwikselber en foaral makber. Yn ús yndividualistyske maatskippij giet dit boadskip oer it yndividu, do as yndividueel minske kinst sels kieze foar lok, foar sukses. En ast dat gelok dus berikt hast gewoan hurd wurke. Dan binne alle credits foar dy. En dat wolle minsken graach. Google mar ris op gelok ôftwinge en fynst der allegear tips foar om dizze ' Dutch dream ' wier te meitsjen."