"Nije nammen yn it kabinet, demonstraasjes op it museumplein: 2022 begjint mei polityk en polarisaasje. It binne twa termen dy 't hieltyd faker yn ien azem neamd wurde en hast ûnskiedber mei-inoar ferbûn lykje. Mar, se binne net itselde. Polityk kin neffens Van Dale referearje oan: 1. alles wat te krijen hat mei it bestjoeren fan in lân, provinsje, gemeente ensafuorthinne; 2. de wize datst dyn doel besikest te berikken, belied, gedrachsline; 3. de mienskiplike politisy. Polarisaasje is de foarming fan tsjinstellingen, fan utersten, fan tsjinstelde poalen, neffens it wurdboek."