Listen

Description

"De beammen skrepten by de ruten lâns, de fûgels litte har net sjen en de buorman kontrolearret noch gau it dak. It stoarmet. Krekt wannear de dakpannen wer rjocht lein binne en de omfallen âlde iik in nij libben as stikken brânhout krigen hat, ferwurdt de loft wer. De beammen skrepten wer by de ruten lâns, de fûgels litte har wer net sjen en de buorman kontrolearret noch gau de oare kant fan it dak. It stoarmet op 'e nij."