"In bytsje foar de grap beane wy op in ynternetfeiling op twa stuollen, dêr 't nimmen oars op like te bieden. De stuollen binne net perfoarst moai, binne eins frij grut en ûnhandich, mei stevige poaten en in klaptaffeltsje oan 'e leuning. Mar de brúnlearen sitten binne wol komfortabel en hawwe in ferhaal. En omdat nimmen oars bea, binne se no fan ús.... Underweis nei hûs, mei de stuollen krekt passend yn in liende stationwagon, fernaam ik dat it yn 'e auto nei sigaren rûkte. It duorre even oant ik troch hie wat ik rûkte: it ferhaal fan de stuollen, dy 't út it eardere NAVO-haadkertier komme."