"Meardere Toanen Fan steane dizze wike yn it teken fan de oarloch - wat moatte je oars as kollumnist? Ek yn gesprekken op oare plakken fiert oarloch de boppetoan. De toanen dy't we hearre binnen ôfwikseljend toanen fan eangst, fan hoop, fan fertriet, fan solidariteit. Alle dagen wer de fraach wat der dy dei barre sil yn de oarloch dy 't ûnder ús eagen fierd wurdt en hoe 't wy ús dêrta ferhâlde kinne. De toanen giel en blau siere op in soad plakken de strjitten as teken fan solidariteit, minsken roppen elkoar mear en mear op wat te dwaan of te jaan. De toan fan dizze wike is dêrtroch ek de toan fan selsrefleksje, refleksje op ús eigen libben. Want wy hawwe it sa goed en dat winskje we in oar ek ta."