Listen

Description

Wy hearre bernestimmen troch de podcastmikrofoan, mar der is gjin bern te sjen.

Arjan hat wolris in geast sjoen, yn Gordyk wurde UFO’s spot en Gabrielle hat in ferflokt boek by har. Hoe rint dit ôf?

Arjan makket wat heftichs mei yn ’e bus, Gabrielle glydt hast fan ’e dyk yn in Dútske sniestoarm op ’e Autobahn , mar ûntdekt dêr wól nije muzyk!

Ek prate wy oer Slacker, de films fan Anders Thomas Jensen, poëzij fan Piter Boersma, filtkeunst fan Aafje Brouwer én: wat hawwe wy allegear lêzen yn ’e fakânsje?