podcast
details
.com
Print
Share
Look for any podcast host, guest or anyone
Search
Showing episodes and shows of
Friduwih Riemersma
Shows
Keukenstafelpetearen
Wol keunst wier ferskaat?
Ferskaat yn ’e keunst, lykas yn ’e wrâld, komt del op: wa stean wy ta syn stim hearre te litten? Nettsjinsteande de plenty post-Floyd ferskaatasaginda’s, it slagget de wite manlike sektor min en stean stil by oaren as sysels.
2021-07-15
37 min
Keukenstafelpetearen
In Ried foar de Keunst
As yn elke perifery sit it Fryske keunstbestjoer beknypt tusken neoliberale druk en bedriuwseasken oan ’e iene kant, nasjonaalpopulistyske presje oan ’e oare en definiearret keunst as konkurrinsjekrêft – hoe byt de betterwittende boarger werom?
2021-07-01
46 min
Keukenstafelpetearen
Jo eigen libben fan gaos nei epos
Autobiografy liket in oanberne sjenre: harkje nei wat my oerkaam! Mar ús begryp fan autobio is lyts: hoe wichtich is it ivich breklik ûnthâld, sykje selssuchtige poëten har eigen sublime en waans wierheid wurdt jûn, dy fan naasje, ‘ik’, of?
2021-06-17
48 min
Keukenstafelpetearen
Werom nei ús primitive wy-wêzen
Werom nei de beanetún, de direkte sintúchlike ûnderfining meiinoar, is in artistyk klisjee fan Gauguin oant Heyboer. Want de gaos hjoed tsjutte, dêryn sjitte net allinne de letters, sifers en teoryen yn ús heechabstrakte wrâld tekoart – ek de akseptearre keunst.
2021-06-03
39 min
Keukenstafelpetearen
Keunst is altyd polityk
Keunstners wjerspegelje de konkrete kondysjes fan alleman, stelle út en far in nije koerts, en rekke ús begryp fan moraliteit op. Gjin wûnder dat de notiidske definysje fan keunst as ‘moaie selsekspresje’ de kollektive taskôger út it sicht hâldt.
2021-05-19
40 min
Keukenstafelpetearen
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’
It begryp l’art pour l’art hat it fersloeren fuortbrocht fan de ynderlike needsaak fan keunst. Keunst is no in ferhannelber ding. Foar it publyk is keunst technyk en ambacht. Mar it wiere doel is hiel wat oars: sjoch keunst ris as spirituele honger.
2021-05-05
38 min
Keukenstafelpetearen
Gjin ynspiraasje of gewoan loai?
Wa ken him net: de skriuwer talmjend om de typmasine want de artistike ynspiraasje wol net komme. Gean oerein en skep dat keunstwurk. Smyt dissipline dan ûnynspirearre poëzy op? Of leit yn it deistich skilderjen just de boarne fan ynspiraasje?
2021-04-22
40 min
Keukenstafelpetearen
Mimesis
Wat is keunst? Dat it sa knap neitekene is dat it krekt echt liket, sizze mannichien en Plato. Mar knap tekenjen is ambacht. Easket keunst net mear? Of, imitearret keunst altyd, om’t wy no ienris keppelbisten, dus kopiearjende wêzens binne?
2021-04-07
40 min
Keukenstafelpetearen
Autonomy is in posysje ûnder fjoer
It fers is in autonoom keunstwurk. Mar wat is autonoom? Net-autonome keunst is in stoel fan Gispen, of pseudopoëzy dy’t gjin frijheid siket. En as de keunstner sels kiest om politike, dus tapaste, fersen te skriuwen, is dat dan keunst?
2021-03-24
40 min