podcast
details
.com
Print
Share
Look for any podcast host, guest or anyone
Search
Showing episodes and shows of
Omrop Fryslan
Shows
De Vrieske Wike Podcast
#25 De Vrieske Wike: "Ik heb er slecht van geslapen"
"Ik vind het niet logisch, het is korte termijn." Dat seit boargemaster Avine Fokkens yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân oer it skrassen fan jild foar de oanlis fan de Lelylijn. Dat wurdt yn plak dêrfan brûkt foar in oare spoarferbining: De Nedersakenlijn. Te gast binne fierder Onno Falkena oer de Foarjiersnota en Jantine Weidenaar oer 80 jier befrijding fan Fryslân. Presintator is Roelof de Vries.
2025-04-18
34 min
De Vrieske Wike Podcast
#24 De Vrieske Wike: "We hebben niet zoveel tanks dus misschien moeten we daar beginnen"
"Volgens ons is de situatie in de wereld zodanig veranderd dat we de uitgaven voor defensie flink moeten verhogen." Dat seit Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD) yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Syn partij pleitet foar in ferheging fan de útjeften foar definsje fan sa'n 22 miljard nei 38,5 miljard. De oare gasten b9inne Omrop Fryslân-ferslachjouwer Johanna Brinkman en de jongste wethâlder fan Fryslân Lisa Edema. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.
2025-04-11
43 min
De Vrieske Wike Podcast
#23 De Vrieske Wike: "Der is genôch reden om minister Wiersma koppich te neamen"
"Der sit wol in ferskil yn hoe't der praat wurdt oer manlike en froulike politisi." Dat seit antropolooch Anne-Goaitske Breteler yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Dêryn gie it ûnder oare oer minister Femke Wiersma fan lânbou. Dy sei dizze wike yn in Keamerdebat dat krityk op har karakter net frij wie fan seksisme. Oare gasten binne boargemaster fan Dantumadiel Anja Haga en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Onno Falkena.
2025-04-04
41 min
De Vrieske Wike Podcast
#19: De Vrieske Wike: "Kinst wol skea oan it gehoar oprinne troch it lûd fan de F-35"
"In startende F-35 makket likefolle lûd as fiif F-16's. En in landende F-35 likefolle as tweintich F-16's." Dat seit Geert Verf yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Verf wennet yn Marsum en ferset him tsjin de lûdsoerlêst fan de fleanbasis by Ljouwert. De oare gasten binne âld-boargemaster Hayo Apotheker en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma.
2025-03-07
41 min
De Vrieske Wike Podcast
#18: De Vrieske Wike: "Een rechter moet niet ongeloofwaardig worden en op een Pride-boot stappen"
"Een rechter moet onpartijdig zijn. Dat betekent in mijn ogen dat hij of zij zich niet met bepaalde maatschappelijke partijen moet verbinden." Dat seit Herman Hermans, âld-ficepresidint fan it gerjochtshôf yn Ljouwert, yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Hy reagearret hjirmei op it plan fan in tal rjochtbanken om mei te farren by de Pride-boateparade yn Amsterdam. Te gast binne ek bestjoerskundige Renske van der Tempel en Omrop-ferslachjouwer Auke Zeldenrust.
2025-02-28
42 min
De Vrieske Wike Podcast
#16 De Vrieske Wike: "Iedereen is op zijn hoede. Ouderen zijn bang. Dat moet ophouden."
"Wat mij betreft kan de wolf het land wel uit. Die hoort hier niet meer." Fraksjefoarsitter Richard Bos fan de VVD yn Weststellingwerf is dúdlik. Nederlân is te lyts foar in populaasje wolven. Dat seit Bos yn de Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Njonken Richard Bos binne Omrop Fryslân-ferslachjouwer Johanna Brinkman en Mirka Antolovic fan Tûmba te gast.
2025-02-14
37 min
De Vrieske Wike Podcast
#13 De Vrieske Wike: "It stikstofbeleid út Den Haach is om moedeleas fan te wurden. Dat nim ik se kwea ôf."
"Boerren moatte te hearren krije wat der fan se ferwachte wurdt. Dan kin se ek fierder mei harren bedriuw. Mar no is der gjinien dy't him dat fertelt." Dat seit jonge boer Hendrik Galema, foarsitter fan de Agraryske Jongerein Fryslân, yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Neist Galema binne ferslachjouwer Johanna Brinkman en PVDA-riedslid Mirka Antolovic te gast.
2025-01-24
43 min
De Vrieske Wike Podcast
#12 De Vrieske Wike: "We hebben de AI-wedloop al verloren en raken alleen maar verder achterop in Europa"
"We moeten meer naar jonge mensen kijken en luisteren. Want we worden met elkaar wel heel snel grijs en heel snel oud." Dat seit ûndernimmer Ate van der Meer yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân as him frege wurdt om in advys oan minister-presidint Dick Schoof. Neist Van der Meer binne te gast: Raquel Garcia Hiddema-Van der Walle (Europarlementariër) en Onno Falkena (polityk ferslachjouwer Omrop Fryslân).
2025-01-17
49 min
Buro de Vries (Podcast)
Durk Gorter oer Baskelân en Fryslân
"Sels bin ik in grut leafhawwer fan it Baskyske lân, de kultuer, it lânskip en de minsken." Dat seit ferslachjouwer Simone Scheffer. Se komt al jierren yn Baskelân. Dy regio hat wat mienskiplik mei Fryslân. Mar der binne ek ferskillen. Simone Scheffer wie dit jier seis wiken yn Baskelân. Yn dit artikel fertelt se wat wy Friezen fan de Basken leare kinne. Dêr hat se oer praat mei Durk Gorter, dy't wennet en wurket yn Baskelân.Gorter is heechlearaar en ûndersiker oan de Universiteit fan Baskelân. Hy is kritysk op de Friezen. "As je it...
2024-12-30
48 min
Buro de Vries (Podcast)
Skriuwster Machteld van Zalingen lit har nijste boek foar in part yn Fryslân spylje
In thriller dy't foar in part yn Fryslân spilet en oer in sekte giet. Machteld van Zalingen hat har ynspirearje litten troch Fryslân en Noarwegen. De skriuwster wennet sels op de Veluwe, mar is regelmjittich yn Fryslân te finen. Se kin har yn har fakânsjehûs oan de Aldegeaster Brekken folslein talizze op it skriuwen. De earste sêne yn har nijste boek 'Het Genootschap' spilet dan ek krekt dêr: oan de oever fan de Aldegeaster Brekken.
2024-11-10
13 min
Buro de Vries (Podcast)
De Fryske skiednis yn tweintich spannende ferhalen: 'Vet Oud! Fryslân'
It ferhaal werom yn de klasse krije. Dat wie it doel fan skiednisdosinten Aant Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld. Sy skreaune 'Vet Oud!' in skiednisboek mei spannende ferhalen dy't yn it ferline spylje. Ta har eigen fernuvering wie it in grut sukses en nei dat earste boek folgen nochris fjouwer Vet Oud! boeken. Mei it sechsde diel oer de skiednis fan Fryslân nimt Aant Jelle Soepboer foarearst ôfskied fan it skriuwen fan skiednisboeken. De âld skiednisdosint is hjoed-de-dei twadde keamerlid en hat gjin tiid mear om te skriuwen. Mar dat sechsde diel fan de skiednisrige giet oer Fryslân en...
2024-10-13
08 min
De Vrieske Wike Podcast
#2: De Vrieske Wike: "As lokale bestjoerder ha we te krijen mei dagkoersen fanút it kabinet"
"It liket wol of ha we te krijen mei dagkoersen fanút De Haach mei de ministers en steatssekretarissen yn dit kabinet. Al ha ik it idee dat de Twadde Keamer him al werom fluite hat hjiroer." Dat seit wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân oer útspraken fan steatssekretaris Chris Jansen. Te gast binne ek Piet Fortuin fan it fakbûn CNV oer it vroegpensioen en boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân oer de komst fan in azc yn Dokkum.
2024-10-11
43 min
Sportcast
#265: Foldien gefoel by Lambooij nei 'Operaasje Grutte Himmelaksje': "Dit is op termijn een goeie selectie"
Hy wie de einferantwurdlike foar 'Operaasje Grutte Himmelaksje' by SC Cambuur. Technysk manager Lars Lambooij sjocht yn de Sportcast fan Omrop Fryslân mei in tefreden gefoel werom op syn earste transferperioade.
2024-09-09
58 min
Sportcast
#262: Gerald Sibon oer sc Hearrenfean: "Ze spelen onder Van Persie het leukste voetbal van de laatste 10 jaar"
Gerald Sibon is ûnder de yndruk fan de wurkwize fan Robin van Persie by sc Hearrenfean, dat fertelt hy yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Ik vind het voetbal leuk om naar te kijken en vindt het bijzonder knap hoe hij dat in korte tijd voor elkaar heeft gekregen."
2024-08-19
56 min
Sportcast
#261: Cambuur libbet ta nei earste wedstriid yn nije stadion: "De hunkering is enorm"
Der moat dizze wike noch in hoop gebeure yn it Kooi Stadion, dêr't SC Cambuur snein de earste wedstriid spilet. It komt allegear optiid klear, fertelt algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-08-12
56 min
Buro de Vries (Podcast)
It libbensferhaal fan Eelke Lok: dat ik myn dochter net mear sjoch docht noch alle dagen sear
Omrop Fryslân ikoan Eelke Lok is hikke en tein yn Drachten. Hy hie hielendal gjin nocht oan skoalle en studearjen, mar helle wol de HBS. Op 16-jierrige leeftiid gie er oan it wurk by de Drachtster krante. Nei ek noch in skoftke wurke te hawwen by Schuttevaer, kaam er yn 1975 by - doe noch - de RONO te wurkjen. Yn de fjirtich jier dat er dêr wurke hat er grutte feroaringen meimakke. Eelke Lok fertelt oer syn libben yn dizze ôflevering fan Buro de Vries.
2024-08-11
49 min
Sportcast
#3 Olympyske Sportcast: in brân, militêren en de sykte fan Lyme by Fryske âld-dielnimmers
Sporte tusken de militêren, in gouden medaille, hast in brân en de sykte fan Lyme. Friezen kenne in turbulinte skiednis op de Olympyske Spelen. De sportcast stiet dizze moanne yn it teken fan de Olympyske Spelen. Omrop Fryslân praat mei sporters en âld-sporters oer it grutste sportevenemint fan de wrâld. Dit kear binne dat trije âld-dielnimmers: hurdfytser Monique Knol (goud yn Seoel 1988), roeister Petronella de Jong (dielnimmer Atene 2004) en hurdfytser Jenning Huizenga (dielnimmer Beijing 2008 en Londen 2012).
2024-07-15
47 min
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum fan Buro de Vries
Yn it nijsfoarum besprekke we de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Sa ha we it oer de Europeeske ferkiezings, de besunigings op kulturele organisaasjes yn Fryslân, de BTW ferhegings dy't oankondige wurde yn it haadline-akkoart en wenningbou yn Fryslân. De foarumleden binne Abel Kooistra, steatelid foar BBB, Thom Smit, jonge SP'er en Onno Falkena, sjoernalist by Omrop Fryslân.
2024-06-09
50 min
Sportcast
#259: Sinne, spuie en spul mei de trainer: it earste jier fan Mark Diemers op Syprus
Mark Diemers is werom yn Ljouwert nei syn earste jier by AEK Larnaca op Syprus. De fuotballer waard dêr krekt gjin kampioen, mar belibbe fan alles fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Dit is de lêste ôflevering fan de Sportcast fan dit seizoen. Op moandei 29 july binne sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer werom.
2024-05-27
54 min
Sportcast
#258: Minsklike kant liket wichtich foar Van Persie: "Essinsjeel yn de kille fuotbalwrâld"
Robin van Persie hat in goeie yndruk makke by syn presintaasje by Sportklup Hearrenfean. Benammen dat it minsklike aspekt heech by him yn it findel stiet, sprekt de ferslachjouwers oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-05-21
43 min
Sportcast
#257: Hoe't soan Ruben heit Henk de Jong oan promoasje helpe moat by Cambuur
By de wederopbou fan SC Cambuur is in grutte rol weilein foar Ruben de Jong. Hy is de soan fan trainer Henk en is sûnt koart haad scouting by de Ljouwerters. Ruben skoot oan, tegearre mei âld-spiler Sandor van der Heide, oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-05-13
52 min
Sportcast
#256: Wiksel Noppert foar Van der Hart ropt fraachtekens op: "Swaktebod fan de technyske stêf"
It is in swaktebod fan de technyske stêf fan Sportklup Hearrenfean om Mickey van der Hart derút te heljen. Dat seit âld-fuotballer Geert Jelle de Vries yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-05-06
55 min
Sportcast
#255: Komst Van Persie fergelykber mei Van Basten: "Er komt iemand binnen man, hallo zeg"
De komst fan Robin van Persie nei Sportklup Hearrenfean sil in grutte impact hawwe. Dat tinkt âld-spiler en -trainer Tieme Klompe, dy't it yn de Sportcast fan Omrop Fryslân fergeliket mei it oanstellen fan Marco van Basten.
2024-04-29
58 min
Sportcast
#254: Ferry de Haan ûntkent 'ûntbleating' Hélène Hendriks: "Dit was fake news ja"
Ferry de Haan ferwachtet dat oer in pear wiken dúdlik is wa't de nije trainer wurdt fan sc Hearrenfean. Dat der in akkoart is mei VVV Venlo-trainer Rick Kruys, ûntkent de algemien direkteur fan de Feansters yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-04-22
54 min
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijsfoarum fan 14 april 2024
Oan tafel by it Nijsfoarum ditkear: - Aukje de Vries, VVD-keamerlid en demissionêr steatssiktaris; - Eke Folkerts, BBB-deputearre yn Fryslân; - Hayo Bootsma, redakteur/ferslachjouwer by Omrop Fryslân.
2024-04-14
43 min
Sportcast
#292: Cambuuroanfierder Van Kaam leaut noch yn heljen play-offs: "Een grote kans"
SC Cambuur hellet de play-offs om promoasje nei de earedivyzje, nettsjinsteande it swiere programma dat de Ljouwerters noch hawwe. Dy ferwachting sprekt oanfierder Daniël van Kaam út yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-04-08
54 min
Buro de Vries (Podcast)
Sipke van der Meulen, 37 jier ferkearsfeiligens-belied yn Fryslân
Nei 37 jier nimt Sipke van der Meulen meikoarten ôfskie as ferkearsfeiligens-spesjalist fan de provinsje Fryslân. De amtlik siktaris fan it ROF, it regionaal orgaan voor de verkeersveiligheid in Fryslân, giet mei pensioen. Foar in goed petear trof it Buro Van der Meulen yn de Trynwâlden ....
2024-04-07
25 min
Sportcast
#250: Van der Heide sjocht yn Hulshoff nije Hearrenfeantrainer: "Hij kan het stadion weer vol krijgen"
Sipke Hulshoff is de dreamde kandidaat foar Sportklup Hearrenfean om de ôfskie nimmende Kees van Wonderen op te folgjen. Dat seit âld-fuotballer Sandor van der Heide yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-03-25
1h 03
Sportcast
#249: "Henk de Jong giet net nei Liverpool"
Henk de Jong giet net nei Liverpool. De trainer fan de Ingelske topklup, Jürgen Klopp, hie him útnoege om ris del te kommen. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân docht bliken dat De Jong dêr net op yn giet.
2024-03-18
51 min
Sportcast
#245: Hearrenfean is hillich foar Riemer van der Velde, mar: "Somtiden is it wol selskastijing"
Der is eins gjin thúswedstriid fan Sportklup Hearrenfean dy't earefoarsitter Riemer van der Velde oerslacht. Mar alle kearen nei it Abe Lenstra Stadion is dit seizoen net altyd like maklik, sa jout de 83-jierrige âld-bestjoerder ta yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-02-19
57 min
Sportcast
#244: Ard de Graaf wol ôfrekkenje mei 'bekertraumaatje': "Voor mij is thuis spelen een 10"
Ard de Graaf is bliid dat SC Cambuur yn de heale finale fan de KNVB-beker in thúswedstriid spilet. Al sân jier rint de algemien direkteur fan de klup nammentlik mei in 'bekertraumaatje' rûn, fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-02-12
55 min
Sportcast
#241: Martijn Barto: "Ik wil ooit hoofdtrainer bij Cambuur worden"
Martijn Barto is no noch assistint-trainer fan SC Cambuur, mar op termyn hopet er sels de einferantwurdlikheid te hawwen. Dat seit de âld-fuotballer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2024-01-22
53 min
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum fan Buro de Vries
Yn it nijsfoarum beprate Avine Fokkens, boargemaster fan Hearrenfean, Habtamu de Hoop, Twadde Keamerlid foar Grien Links/PvdA en Onno Falkena, sjoernalist by Omrop Fryslân de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer asylproblematyk en de spriedingswet, It Frysk as universitaire stúdzje en amtners dy't harren miening ekstern diele.
2024-01-14
42 min
Sportcast
#236: Henk de Jong wol ôfrinnend kontrakt ferlingje: "As Cambuur wol, dan komme we derút"
Henk de Jong hopet dat syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wurdt en dat er ek de kommende jierren trainer is by SC Cambuur. Dat fertelt de Drachtster yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2023-12-11
56 min
Buro de Vries (Podcast)
Téma: ûndermining en drugskriminaliteit op it plattelân fan Fryslân
Wy wenje yn in prachtige provinsje, dêr't it rêstich is, minsken om mekoar tinke en dêr't it feilich is. Dat is it byld dat ik graach foar my sjoch en dat ik graach fertel oan minsken út it westen, út de Rânestêd. Mar wy binne nayf. Want de kriminaliteit rukt op, seker ek op it plattelân. In petear oer ûndermining en drugskriminalteit op it plattelân fan Fryslân mei boargemaster Agricola fan Dantumadiel boargemaster Brouwer fan Achtkarspelen (earder offisier fan justysje) Janneke Bakker sektorhaad Fryslân fan de plysje Lammert de Bruin sjoernalist en podcastmakke...
2023-12-03
47 min
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijsfoarum mei Ton van der Laan (Leeuwarder Courant), Ria Kraa (Friesch Dagblad) en Ingrid Spijkers (Omrop Fryslân)
It nijsfoarum fan snein 26 novimber mei polityk sjoernalist Ton van der Laan fan de Leeuwarder Courant, haadredakteur Ria Kraa fan it Friesch Dagblad en haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân.
2023-11-26
47 min
Sportcast
#230: "Henk de Jong en Cambuur spylje in spultsje rûnom Silvester van der Water"
SC Cambuur stekt de wierheid fan it konflikt tusken trainer Henk de Jong en Silvester van der Water mei opset sin yn 'e dôfpot. Dat sizze de beide Cambuurferslachjouwers fan Omrop Fryslân yn de Sportcast.
2023-10-30
43 min
Buro de Vries (Podcast)
It nijsfoarum mei Albert van Keimpema, Hendrik van Doezum en Onno Falkena
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Albert van Keimpema, riedslid foar de burgerpartij yn de Fryske Marren en âld-Unifil militêr yn Libanon, Onno Falkena sjoernalist by Omrop Fryslân mei û.o. minderheidstalen en polityk yn syn portefúlje en Hendrik Atze van Doezum, skiednisdosint op it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost en ferline jier ferkeazen ta skiednisdosint fan it jier 2022. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de oarloch yn Israël en de Palestynske gebieten, de bestjoersôfspraak Frysk, it klimaat en de foarsizzingen fan it KNMI en noch efkes koart oer Cambuur. It nijsfoarum...
2023-10-15
46 min
Sportcast
#227: "It sentimint rûn Henk de Jong wie net tsjinoan te wrotten troch Sjors Ultee"
Dat Sjors Ultee dien krigen hat by SC Cambuur, kin net los sjoen wurde fan de beskikberheid fan Henk de Jong. Dat is de lêzing yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2023-10-09
51 min
Sportcast
#225: "De fans fan Hearrenfean moatte har skamje"
De sprekkoaren oan it adres fan trainer Kees van Wonderen fan sc Hearrenfean binne net terjochte. Dat seit sportferslachjouwer Roelof de Vries yn de Sportcast fan Omrop Fryslân..
2023-09-25
44 min
Sportcast
#224: Michael Breij: "Tuurlijk kunnen we met deze ploeg kampioen worden"
SC Cambuur kin kampioen wurde fan de earste divyzje. Dat tinkt Michael Breij. Al moat de ploech dan wol folwoeksenheid toane as it yn in mindere faze sit, sa seit Breij yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2023-09-18
52 min
Sportcast
#220: "Andries Noppert moat nei in topklup om yn byld te bliuwen by Oranje"
De doelman is mei syn klup sc Hearrenfean yn petear oer kontraktferlinging, mar neffens de analisten fan Omrop Fryslân kin hy better de stap nei in oare klup meitsje.
2023-08-21
48 min
Buro de Vries (Podcast)
Sippy Tigchelaar oer har reedrydkarriêre en har wurk foar de Omrop
Sippy Tigchelaar groeide op yn de polder, yn Tollebeek om krekt te wêzen. Se learde dêr it reedriden op de pleatselike iisbaan en mei har heit ried se al hiel jong grutte tochten. It opgroeien op dy wynderige, keale flakte hat fan ynfloed west op har reedrydkarriêre tinkt se sels. Op har fyftinde waard se frege om by de reedrydferiening fan Emmeloord te gean en begûn se serieus te trainen. Har ûntwikkeling as reedrydster gie hurd: Doe't se njoggentjin jier wie die se mei oan de Olympyske Spelen yn Sapporo yn Japan. Se waard fjirde op de 30...
2023-07-02
1h 15
Buro de Vries (Podcast)
Fryslân moat in echte 'bûtenwurk provinsje' wurde
Bûtenwurkje is goed foar de minske. Neffens allerhande wittenskiplik ûndersyk wurde minsken kreätiver en produktiver en ha se mear enerzjy as se bûten wurkje. Merk Fryslân, de organisaasje foar Fryslân promoasje, wol dêrom dat Fryslân foaroprinner wurdt yn it bûtenwurkjen. Buro de Vries giet op ûndersyk en besiket de 'hoe, wat en wêrom'fragen beantwurde te krijen.
2023-06-04
27 min
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Charda Kuiper Femke Wiersma en Onno Falkena
Mei Femke Wiersma(kandidaat deputearre foar BBB), Charda Kuiper(fraksjefoarsitter fan Grien Links yn de steaten) en Onno Falkena(polityk ferslachjouwer Omrop Fryslân) bepraat Simone Scheffer saken as de stikstofkrisis, de wenkrisis, de kwaliteit fan it ûnderwiis, de bed, bad broodregeling en wat fierder noch ter sprake komt.
2023-05-14
1h 59
Buro de Vries (Podcast)
Ut it Libben: Gryt van Duinen
Ald kollega en Omrop koryfee Gryt van Duinen is ferstoarn op 72 jierrige leeftiid. Gryt van Duinen is in begryp yn Fryslân. Se is foaral bekend wurden troch har wurk by earst de RONO, doe Radio Fryslân en dêrnei Omrop Fryslân. Dêrnjonken wie se ek hiel aktyf: se siet yn de steaten foar de PvdA, se is de betinker fan de grutte Friezereüny yn it jier 2000, se siet yn it bestjoer fan it Frysk festival en Tryater, en se sette har yn foar it pontsje by Keimpetille. Mar yn de no folgjende reportaazje giet it om har...
2023-04-09
21 min
Sportcast
#188: Sipke Hulshoff tinkt al fierder as Oranje: "Cambuur wol ik noch in kear dwaan"
Sipke Hulshoff sil ea as trainer werom komme by SC Cambuur. "Mar no noch net. Dêr is it no noch te betiid foar", seit de assistint-trainer fan Feyenoord yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
2022-11-28
47 min
Sportcast
#174: Heit Pierre easket goals fan soan Sydney: "Als spits moet je in de dubbele cijfers komen"
Sydney van Hooijdonk moat dit seizoen minimaal tsien doelpunten meitsje foar sc Hearrenfean. Dat fertelt syn heit Pierre moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
2022-08-22
43 min
Sportcast
SportCast #167: Kees van Wonderen: "Ik ben geen tovenaar"
It sil tiid kostje foardat Kees van Wonderen sc Hearrenfean nei syn hân set hat. Dat fertelt de nije trainer fan de klup yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
2022-07-04
1h 01
Sportcast
SportCast #163: Mark Diemers werom nei SC Cambuur? "Ze hebben me gebeld"
SC Cambuur hat fia Henk de Jong frege oft Mark Diemers derfoar iepen stiet om werom te kommen. Dat fertelt de 28-jierrige middenfjilder yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
2022-06-06
48 min
Sportcast
SportCast #161: Pander nei 22 jier fuort by sc Hearrenfean: "Dat docht hartstikke sear"
Ronnie Pander hat noch altyd sliepeleaze nachten fan syn fuortgean by sc Hearrenfean. Nei 22 jier komt der in ein oan de gearwurking en dat docht 'hartstikke sear', seit Pander yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
2022-05-23
55 min
Sportcast
SportCast #159: Dream komt út foar Noppert: "Kâns moatte je mei twa hannen pakke"
Der komt in dream út foar Andries Noppert mei it ûndertekenjen fan syn kontrakt by sc Hearrenfean. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân fertelt er wêrom.
2022-05-16
1h 00
Sportcast
SportCast #155: "Kees van Wonderen wordt een absolute toptrainer"
Sc Hearrenfean moat bliid wêze mei it binnenheljen fan Kees van Wonderen. Dat seit Voetbal International-sjoernalist Marco Timmer yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
2022-04-18
41 min
Sportcast
SportCast #151: Ferry de Haan: "Kees van Wonderen was onze eerste keus"
Kees van Wonderen stie boppe-oan it listje fan technysk manager Ferry de Haan om de nije trainer te wurden fan sc Hearrenfean. Dat fertelt De Haan yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
2022-03-21
42 min
FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân
De ûntdekking fan Fryslân 5: Is this Friesland?
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. It lêste diel, diel 5, hat as titel in fraach krigen: 'Is this Friesland?' De wrâld feroaret, kultuer is yn beweging. Wat is der te sizzen oer de identiteit fan it Fryslân fan no? Looper begjint yn it Fries Film Archief en komt dan by de fontein fan Jaume Plensa yn Ljouwert, dy't symboal stiet foar 'beweging'. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekk...
2022-03-11
57 min
FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân
De ûntdekking fan Fryslân 4: In rurale idylle
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 4 hjit: 'In rurale idylle'. Skiednis, taal en lânskip klinke yn de gedichten fan Gysbert Japicx en binne optekene yn de atlassen fan Schotanus. Oan de ein fan de 19e iuw drage de earste tydskriften by oan de romantyske ideeën oer it Fryske plattelân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
2022-03-11
41 min
FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân
De ûntdekking fan Fryslân 3: De ein fan de beskaving
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 3: 'De ein fan de beskaving' fiert nei de universiteit fan Frjentsjer en nei De Gordyk, dêr't it giet oer de ekonomyske ûntwikkeling fan súdeast-Fryslân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
2022-03-11
37 min
FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân
De ûntdekking fan Fryslân 2: It alter fan de frijheid
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 2: 'It alter fan de frijheid' giet oer de Upstallbeam yn Dútslân en de midsiuwske fresko's yn it tsjerkje fan Westerwijtwerd. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
2022-03-11
56 min
FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân
De ûntdekking fan Fryslân 1: de ferbylding oan 'e macht
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 1 'De ferbylding oan de macht' begjint by it Paleis fan Justysje yn Ljouwert op 16 novimber 1951: Kneppelfreed. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
2022-03-11
43 min
Sportcast
SportCast #146: Sulveren Jan Ykema: "Myn pikstart wie no eins in falske start west"
Jan Ykema wûn yn 1988 yn Calgary mei in 'pikstart' in sulveren medalje op 'e 500 meter. "Hjoed-de-dei hie it in falske start west", seit Ykema yn de Olympyske SportCast fan Omrop Fryslân. Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op omropfryslan.nl/OS.
2022-02-15
20 min
Sportcast
SportCast #143: Falko Zandstra: "Der is der net ien dy't safolle talint hie as ik"
Falko Zandstra helle yn syn reedrydkarriêre ien sulveren en ien brûnzen Olympyske medalje, mar der hie folle mear ynsitten. Dat seit Zandstra yn de Olympyske SportCast fan Omrop Fryslân. Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op omropfryslan.nl/OS.
2022-02-08
20 min
Sportcast
SportCast #142: Skiedsrjochter Van de Graaf oer insidint Mees Hoedemakers: "Het is gewoon pech"
"Ik heb hem kennelijk in zijn oog geraakt, maar kon er niet zoveel aan doen", dat seit skiedsrjochter Edwin van de Graaf yn de SportCast fan Omrop Fryslân oer dat hy Cambuur spiler Mees Hoedemakers blessearre.
2022-02-07
45 min
Sportcast
SportCast #141: Ald-wrâldkampioen Hilbert van der Duim: "Sven hie better ophâlde kinnen"
"Sven Kramer hie al earder in punt efter syn karriêre sette moatten." Dat seit twafâldich reedrydwrâldkampioen Hilbert van der Duim yn de Olympyske SportCast fan Omrop Fryslân. Sjoch foar de medaljespegel, al ús olympyske nijs en it skema fan de Fryske olympiërs op ús temaside.
2022-02-04
19 min
Sportcast
SportCast #136: Ferry de Haan oer Joey Veerman: "PSV heeft zich gemeld, bod Feyenoord ligt er nog"
PSV en Feyenoord binne yn de merk foar Joey Veerman. Dat befêstiget technysk manager Ferry de Haan fan sc Hearrenfean yn de nije SportCast fan Omrop Fryslân.
2022-01-03
42 min
Sportcast
SportCast #130: Geert Kuiper: "Sven Kramer sil nei de Spelen, dat is wol klear"
Reedrydcoach Geert Kuiper is der wol wis fan: "Sven Kramer sil nei de Spelen. Dat is wol klear." Dat sei Kuiper yn de ekstra SportCast fan Omrop Fryslân oer it Olympysk kwalifikaasjetoernoai.
2021-12-26
45 min
De toan fan fan 'e moarn
De toan fan Froukje Sijtsma: "Myn top 5 fan de Fryske Top 100"
"As ik it ferske fan myn nûmer 4 hear tink ik mei in glimp werom oan dy gesellige desimberjûne mei radiopresintator Jacob Stelwagen. It wie it earste ferske dat Jacob en ik hearre lieten by it spesjale radioprogramma Sis it Mar, dat Omrop Fryslân foarich jier tusken kryst en âld&nij útstjoerde. Wat hienen wy dy jûn graach byinoar sitten wold, mar fanwegen corona bedarren wy elk yn in eigen studio mei in rút tusken ús yn.... mei eachkontakt."
2021-12-22
05 min
Sportcast
SportCast #128: Trainers genietsje fan sfear rûn Fryske derby: "Het is een heel beladen wedstrijd"
It is ôftellen. Noch seis nachten sliepe en dan is it safier. De earste Fryske derby sûnt fiif jier. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân litte trainers Johnny Jansen fan sc Hearrenfean en Pascal Bosschaart fan SC Cambuur witte net wachtsje te kinnen.
2021-12-13
51 min
Sportcast
SportCast #127: Sparta terge troch útspraak Joey Veerman: "Dit is olie op het vuur!"
Sparta Rotterdam leaut wol yn in sukseske tsjin sc Hearrenfean, nettsjinsteande it feit dat de Rotterdammers dit seizoen pas twa kear wûnen. Dat fertelt Bart Vriends, ferdigener fan Sparta én podcastmakker, yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
2021-12-06
41 min
Sportcast
SportCast #126: Cambuurdirekteur Ard de Graaf: "Als er één gaat, dan voor de hoofdprijs"
De kommende jierren sil Cambuur in spiler ferkeapje boppe de oardel miljoen euro, seit algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Dat gaat 100 procent zeker gebeuren, daar twijfel ik geen seconde aan."
2021-11-29
56 min
FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân
Wy & Dy 5: Tjits van der Wal
Tjits van der Wal is teätermakker en sjongeres. Foar Omrop Fryslân makket sy flochs oer har gesinslibben mei man en twa bern yn Broeksterwâld. Dat liket hiel gewoan op it earste gesicht: in mem dy't bern nei skoalle bringt, harren foarlêst en ferskes sjongt. Mar wat opfalt, is de kulturele befleinens dêr't se har bern yn it Frysk mei grutbringt. Ek as teätermakker is sy altyd yn it Frysk dwaande. Foar har is dat sa wichtich, dat se 'der pikefel fan krijt'. Wêrom sit dy emoasje by Tjits sa heech, as it oer har en Fry
2021-11-22
43 min
De toan fan fan 'e moarn
De Toan fan Joana Duarte: De lêste kolumn...
Ik fal fuortendaliks mar mei de doar yn hûs. Dit is foarearst myn lêste Omropkolumn. Net omdat ik myn nocht fan jim haw; hielendal net. Krekt oarsom. Yn myn earste kolumn sei ik al dat ik grutsk wie dat Omrop Fryslân my, nettsjinsteande myn aksint, frege hie om kolumnist te wurden. Yn in regio dêr't ik noch mar seis jier wenje, yn myn sande frjemde taal. Ik woe it yn myn kolumn oer it Frysk hawwe, oer meartaligens en oer it libben. Mar wat haw ik de ôfrûne fiif moannen as kolumnist sels belibbe?
2021-10-29
04 min
De toan fan fan 'e moarn
De toan fan Froukje Sijtsma: "Fryslân as ynvestearringsparadys"
"Fryslân, in prachtoard dat foar Jan Modaal aanst net mear te beteljen falt. Is dat it Fryslân dat wy yn 2018 noch grutsk delset as magysk plak dêr't je Mienskip fine koenen? In oaze fan rêst en romte, dêr't je elkoar ferhalen fertelden en dêr't freonskippen sletten waarden? Nee, net mear. Fryslân is noch wol in paradys, mar dan in ynvestearringsparadys, dêr't makelrs en projektûntwikkelders grof jild fertsjinje kinne."
2021-09-29
04 min
Sportcast
SportCast #117: Henk de Jong hat takomst yn 'e holle: "Mei jonge minsken om de âlde garde hinne"
Noch in pear jier trainer wêze fan SC Cambuur en dan in stapke werom dwaan binnen de klup. Henk de Jong tinkt alfêst nei oer syn takomst en fertelt yn de SportCast fan Omrop Fryslân dat Cambuur wol ris syn lêste klup wêze kin yn it betelle fuotbal.
2021-09-27
52 min
Sportcast
SportCast #115: Keeperstrainer Etienne Stomp hâldt op by Curaçao
As keeperstrainer fan Curaçao reizget Etienne Stomp de hiele wrâld oer, mar no set hy in punt efter syn ynternasjonale karriêre. Dat makke hy bekend yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
2021-09-13
45 min
De toan fan fan 'e moarn
De toan fan Jan de Groot: ''Mimmetaal''
Dan komme je op Omrop Fryslân en dan praatte je Nederlâns in plak fan Frys. Werom in 'e goedighyd? Is Frys meskien nou inenen feulsten te min foor him? Skaamt-y him meskien foor syn mimmetaal? At dat soa is, dan mot-y him echt doadskame. Wat sou ik graag wete wille werom hij niet gewoan Frys praatte.
2021-09-07
02 min
Sportcast
SportCast #111: "De druk stond al op de ketel toen ik aangenomen werd"
"Ik ben blij dat ik weer op het veld sta, het is alleen jammer dat de resultaten nog niet goed zijn. Dat geeft toch de nodige spaning", dat seit Almere-trainer Gertjan Verbeek yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
2021-08-23
42 min
De toan fan fan 'e moarn
De toan fan Jan de Groot: "PC 2021"
"Môrn is 't soafeer: de PC. Foor 'n hele prot Friezen en niet te fergeten foor Friezen om úttens is dut 'n besondere kaatsdâg. Goenent die't niks met kaatsen hewwe, begripe soks niet. 't Begint altiten al met 'PC-kefee' fan Omrop Fryslân. In dut radioprogramma wort op drie dagen foor de PC praten over de PC die't d'r ankomt, maar fral over PC's die't al 'n hut in 't ferleden lêge. Kostlike radio, fyn ik sels."
2021-08-03
03 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #10: Ik heb er niet zin in om hier weg.
Als kleine Joodse jongen dook Heinzi Blumenstein in de oorlog onder bij Johannes en Sjoukje Dijkstra. Zij woonden met acht kinderen op een boerderijtje aan de Dille, tussen Raerd en Easterwierrum. Heinzi werd Hans genoemd. Na de oorlog moest hij weg, naar zijn vader in New York. 'Ik heb er niet zin in om hier weg. Maar het zal wel moeten', schreef Hans in 1946 in een brief aan zijn vader. Na jarenlang in Amerika te hebben gewoond, ging hij terug naar Easterwierrum. Dáár voelde hij zich thuis. Samen met Sjoukje Dijkstra, kleindochter van zijn pleegouders, onderzocht hi...
2021-06-03
32 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #9: Sy koenen der noch wol ien by ha
De Joodse kinderen Clara Haagens en haar broertje Henk kwamen van het Zuid-Hollandse eiland Goeree-Overflakkee. Ze overleefden de oorlog elk bij verschillende pleegfamilies. Hun ouders kwamen om in het concentratiekamp. In deel 9 van de podcast Smokkelbern het verhaal van Clara, die als 'bonuskind' liefdevol opgevangen werd in het gezin van Hessel en Tjipke Robroch in Ferwert. Toen ze weg moest, werd dat een groot gemis voor mevrouw Robroch. Aan buurvrouw Feikje Hoogland kon ze later alles vertellen. Smokkelbern is een podcast van Gerard van der Veer en Karen Bies. Het is onderdeel van 'De terugkeer van de...
2021-05-28
20 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #8: Ik heb hem in zijn donkerste uren meegemaakt
In de oorlog werd het kleine Joodse jongetje Ids Boot naar Sneek gesmokkeld. Twintig jaar later kreeg hij van koningin Juliana toestemming zijn echte naam David Vischjager te veranderen in zijn onderduiknaam Ids Boot. Maar de worsteling over zijn identiteit en bij wie hij nu hoorde, bleef. Rond zijn veertigste kreeg Ids nachtmerries over zijn oorlogsgeschiedenis. Dat had niet alleen een grote impact op zijn eigen leven maar ook op zijn gezin. Zoon Ilan Boot vertelt aan Gerard van der Veer hoe de oorlog 76 jaar na dato nog steeds een rol speelt. De podcast 'Smokkelbern' wordt gemaakt...
2021-05-20
24 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #7: Ze moest altijd stil zijn
Op 7 januari 1944 werd de 7-jarige Eva Cohen ondergebracht bij het echtpaar Piet en Wimke Meinsma yn Jirnsum. Ze werd 'Marijke' genoemd. Omdat niemand mocht weten dat boven de manufacturenzaak van de Firma de Zee aan de Dorpsstraat een Joods meisje zat ondergedoken, moest Eva altijd stil zijn. Niet roepen, niet lachen, niet huilen. Dat is van grote invloed geweest op Eva's latere leven. In 'Ze moest altijd stil zijn' een interview met Eva Cohen. De podcast 'Smokkelbern' wordt gemaakt door Gerard van der Veer en Karen Bies. Net als de FryslânDOK-serie 'Smokkelbern' i...
2021-05-14
38 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #6: Moeders
In deel 6 van de podcast Smokkelbern spreekt Karen Bies met historicus Hinke Piersma. Deze aflevering is getiteld: 'Moeders'. Het gesprek gaat over de Joodse moeders die hun kind weggaven aan wildvreemden, die beloofden het kind in veiligheid te brengen. "Het afstaan van je kind om het te redden is een verzetsdaad," zegt Hinke. Omdat een moeder niets liever wil dan het kind dicht bij zich te houden en het als haar taak ziet haar kind te beschermen. Het gaat ook over de gemankeerde, beschadigde moeders, die na de oorlog onder de moeilijkste omstandigheden probeerden een kind een toekomst...
2021-05-06
49 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #5: Als we hadden geweten dat we Jopie zo zouden missen
Deze podcast gaat over het Joodse jongetje Joseph Schijveschuurder, dat in de oorlog onderdook bij de familie Venema in Bolsward. Als Jopie Venema was hij gelukkig met zijn Friese ouders en zijn broer en zussen. Maar na de oorlog werd beslist dat hij daar niet kon blijven, tot zijn grote verdriet. In Amsterdam woonde hij bij het echtpaar Theo en Trudel van Reemst, die hem als puber naar een internaat in Oost-Duitsland stuurden. Een verhuizing later met zijn gezin naar Bolsward bracht hem niet het 'thuis' terug dat hij zo miste. Een leven lang heeft Joseph zich ontheemd...
2021-05-03
32 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #4: Ze zijn een leven lang bij me gebleven.
Het Joodse meisje Jetty van der Hoek is in Utrecht in de onderduik geboren. Als baby van enkele maanden oud wordt ze naar het dorp Boven Knype (nu: De Knipe) in Friesland gesmokkeld. De familie van der Molen bestaat uit drie ongetrouwde zussen en een broer, die met de komst van Jetty een nieuw gezin stichten. Na de oorlog blijkt dat Jetty's ouders en broertje op andere onderduikadressen de oorlog hebben overleefd. Ze nemen Jetty weer bij zich, maar het kost ze de grootste moeite samen een toekomst op te bouwen. Jetty mist haar Friese 'ouders', en dat is wederzijds...
2021-04-29
23 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #3: Ik heb nooit een Jodenster gedragen
Jack Koppels is enigst kind van een Joods echtpaar. Als in Amsterdam in 1942 de razzia's tegen de Joden beginnen, durft de 11-jarige Jack niet langer thuis te blijven, bang dat hij bij een volgende actie wordt opgepakt. Hij pakt zijn autoped, doet zijn jodenster af en zorgt dat hij altijd onderweg is. Dag in dag uit zwerft hij door de stad en is ooggetuige van de verschrikkingen die zich er afspelen. Later duikt hij onder en komt uiteindelijk in het Friese Balk terecht. Via de radiouitzendingen van de BBC blijft hij op de hoogte van het oorlogsnieuws. Maar ook komt...
2021-04-22
27 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #2: Hoor de vrouwen zingen
Het waren vrouwen die Joodse kinderen naar het platteland smokkelden en daarbij grote risico's liepen. Ook de vrouwen die een Joods kind opnamen in hun gezin deden dat met gevaar voor eigen leven. Toch werd dat tot lang na de oorlog niet gezien als 'verzetswerk'. Aflevering 2 van de podcast 'Smokkelbern' gaat over de Amsterdamse en Utrechtse studentes in het verzet. En over de vraag die geschiedenisstudente Anna Boogaard in haar onderzoek stelt: Waarom hebben de verzetsvrouwen zo weinig aandacht gekregen in de geschiedschrijving? Het gesprek met Anna is opgenomen in filmtheater Kriterion in Amsterdam...
2021-04-15
35 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern, de podcast #1: Ben ik hier bij Flim?
Een podcast met verhalen van Joodse onderduikkinderen in Friesland. In deel 1: 'Ben ik hier bij Flim?' gaan podcastmakers Gerard van der Veer en Karen Bies in Groningen op bezoek bij historicus Bert Jan Flim, dé kenner van de Joodse onderduik in Nederland. Ze horen hoe Bert Jan in 1983 als jonge student geschiedenis ontdekt welke rol zijn eigen vader heeft gespeeld bij het in veiligheid brengen van Joodse kinderen. Voor hem het startsein tot een levenslang onderzoek naar de geschiedenis van het 'kinderwerk' in de oorlog. Bert Jan heeft inmiddels twee boeken op zijn naam staan: 'Onder de klok' en...
2021-04-08
43 min
Smokkelbern de Podcast
Smokkelbern: Trailer
In 1942 begonnen Amsterdamse en Utrechtse studenten met het redden van Joodse kinderen, om ze uit handen van de Duitsers te houden. De kinderen werden naar pleeggezinnen op het platteland gesmokkeld. Honderden kinderen overleefden zo in Friesland de oorlog. In 'Smokkelbern, de podcast' de verhalen van die kinderen. Hoe hebben ze die tijd beleefd, dat ze ondergedoken zaten bij een Friese familie? En hoe ging het later met ze? 'Smokkelbern' is een podcast en een serie TV-documentaires van Fryslân DOK en it project 'De terugkeer van de Joodse kinderen'. Een samenwerking van Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Da...
2021-04-01
01 min
Boekekast
Boekekast #2: 'Trije Friezen en in Turk', in ferhaal fan Ferdinand de Jong
Mei in plof lit Auke him op it bankje falle. Op syn fêste plak, it fierste hoekje. Dêr set er de soerstofflesse njonken him op de grûn. Hy sjocht even op de mjitter, de wite izeren buis sit noch trijekwart fol. Krekt as op de measte dagen is er earst. Dat komt moai út, want dan kin er even bykomme fan de reis op syn scootmobyl. It ferhaal 'Trije Friezen en in Turk' is skreaun troch Ferdinand de Jong en wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma. Ferdinand de Jong (1969) skreau seis romans en hy is kollumnist by Om...
2020-11-14
27 min
Boekekast
Boekekast #1: 'Old school', in ferhaal fan Hilda Talsma
'Wêrom giet mem net op Tinder?' freget Brecht. Mar dêr sit Pytsje net op te wachtsjen. En se wol ek net nei 'First Dates'. Dy moderne dating-metoaden, neat foar har. Mar dan fynt se har âlde poezyalbum werom, mei dêryn de namme fan in geheime jeugdleafde. Dan lûkt Pytsje de stoute skuon oan. It ferhaal 'Old School' is skreaun troch fan Hilda Talsma en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Hilda Talsma (1971) hat tal fan romans op har namme stean, ek skreau se in berneboek, toanielteksten en se is kollumniste by Omrop Fryslân.
2020-11-06
35 min
Buro de Vries (Podcast)
Jan Binnema is syn Fryske pleechheit en -mem tankber
Jaap en Tine Binnema wennen op in grutte pleats tusken Ferwert en Blije. Se hiene gjin bern. Oant se, oan de ein fan 1943, de soarch krigen oer in lytse poppe fan seis wike âld. In Joadsk berntsje út Amsterdam. By harren oerlibbe it Joadske jonkje de oarloch. Jan Binnema is no 76 jier Jan Binnema fertelt syn ferhaal yn it radioprogramma Buro de Vries oan Karen Bies (Omrop Fryslân) en Ines Jonker (Ljouwerter Krante), yn it kader fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' It kontakt bleau en Jan bewarret dêr tige goeie herinnerings oan. Hy genoat fan...
2020-02-09
20 min
Bonkerak
Tease Bonkerak
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horrorachtich.
2020-01-20
00 min
Sportcast
Sportcast #25: "Henk de Jong hie earder wikselje moatten"
SC Cambuur is net goed út de winterstop kaam. De Ljouwerters ferlearen yn eigen hûs mei 2-1 fan FC Volendam. Dêrnjonken wie it EK Ofstannen op Thialf mei in protte Nederlânske medaljes. Foar ús analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber falt der dus wer in protte te bepraten yn in nije edysje fan de Omrop Fryslân-Sportcast. Jantine Weidenaar presintearret dizze útstjoering.
2020-01-13
35 min
Buro de Vries (Podcast)
"100 jier radio" - út it bertedoarp fan Hanso Idzerda wei
Op 6 novimber 1919 makke yngenieur Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda de earste radio-útstjoering fan Nederlân. As earbetoan oan him en 100 jier radio, komt Buro de Vries op 3 novimber mei in spesjale útstjoering út Weidum wei, it bertedoarp fan dizze radiopionier. Fanfare de Harmonie Weidum sil spesjaal foar de gelegenheid 3 fan de nûmers út dy alderearste útstjoering live hearre litte. Fierder optredens fan Sytze Haima en Inez Timmer. Te gast binne trije pakesizzers fan Hanso Idzerda: Tobias Idzerda, Henk de Brey en Hanso Idzerda. Fierder praat Huub Wijfjes, bysûnder heechleraar radio en telefyzje skiednis mei. Audiotechnikus Karel Post fertelt m...
2019-11-07
1h 41
Buro de Vries (Podcast)
Johannes Wardenier: sjeny of fantast?
It mystearje Johannes Wardenier libbet mar troch. Koartlyn ferskynde op 'e nij in boek oer him, yn Stienwyk wurdt trije kear in musical oer syn libben útfierd en der is in útstalling oer him ynrjochten. Wardenier soe yn 1934 in brânstofleaze motor útfûn ha. Ynternasjonaal giene de oaljeprizen ûnderút en yn Wolvegea wiene der konkrete plannen foar de bou fan in grutte fabryk. Wolvegea soe dêrmei it Eindhoven fan it noarden wurde, want yn de krisistiid soe der foar mear as tsientûzen minsken wurk komme. Koartsein, Wardenier hie wat útfûn dat de wrâld op 'e koppe set...
2019-05-12
38 min
Buro de Vries (Podcast)
It libben as in reis - Het leven als een reis
''De schoonheid en ontroering zit in de alledaagse ontmoetingen tussen mensen.'' Dat is de ûnderfining fan teatermakker Tjerk Ridder fan Utrecht tidens syn reis troch Fryslân. Dy makke hy tegearre mei syn Esel Lodewijk. Tjerk wie bot ûnder de yndruk fan de gastfrijheid dy't hy tsjin kaam, want hy moast eltse dei wer in sliepplak fine foar him en syn reisgesel. Sa hat hy ek in nacht troch brocht by soarchynstelling Talant yn Boalsert, dêr't hy koart lyn wer efkes werom wie mei in ferrassing. Wendy Kennedy fan Omrop Fryslân socht him doe op en seach werom...
2018-12-30
15 min
Buro de Vries (Podcast)
Marc werd Manon
Transgenders voelen zich niet, of niet helemaal, thuis in de geslachtsrol die past bij hun uiterlijk. Langzamerhand verdwijnt dit verschijnsel uit de taboesfeer en wordt er, mede door de media-aandacht, steeds openlijker over gesproken. Manon Barendsen houdt een blog bij over haar transitie van man naar vrouw. Omrop Fryslân tekende het verhaal op van Manon in een podcast.
2018-02-21
22 min
Fit mei Femke sûnder muzyk
Wike 9 - Training 3
Training 3 1, 6, 2, 4, 5, 3 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje Coach Jaring de Groot oer hurdringadgets It hurdrinnen is troch de jierren bot feroare. En dan wurdt foaral ek doeld op de groeimerk wat de kommersy oanbelanget. Sjoch mar ris yn in hurdrinspesjaalsaak. Dêr binne net allinnich hurdrinskuon en hurdrinklean te krijen, mar de saak hinget ek fol mei allegear assessoires. Fan horloazjes mei alles der op en der oan oant spesjale rêchpûden mei bygelyks twa liter wetter deryn foar de lange ôfstannen. En fia ynternet, de sosjale media en ferskate apps binne tal fan programma, logboeken ensaf. te finen. Omrop...
2015-08-05
27 min
Fit mei Femke sûnder muzyk
Wike 9 - Training 2
Training 2 25 minuten hurdrinne Coach Jaring de Groot oer hurdringadgets It hurdrinnen is troch de jierren bot feroare. En dan wurdt foaral ek doeld op de groeimerk wat de kommersy oanbelanget. Sjoch mar ris yn in hurdrinspesjaalsaak. Dêr binne net allinnich hurdrinskuon en hurdrinklean te krijen, mar de saak hinget ek fol mei allegear assessoires. Fan horloazjes mei alles der op en der oan oant spesjale rêchpûden mei bygelyks twa liter wetter deryn foar de lange ôfstannen. En fia ynternet, de sosjale media en ferskate apps binne tal fan programma, logboeken ensaf. te finen. Omrop Fryslân docht dêr n...
2015-08-05
00 min
Fit mei Femke sûnder muzyk
Wike 9 - Training 1
Training 1 8 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje Coach Jaring de Groot oer hurdringadgets It hurdrinnen is troch de jierren bot feroare. En dan wurdt foaral ek doeld op de groeimerk wat de kommersy oanbelanget. Sjoch mar ris yn in hurdrinspesjaalsaak. Dêr binne net allinnich hurdrinskuon en hurdrinklean te krijen, mar de saak hinget ek fol mei allegear assessoires. Fan horloazjes mei alles der op en der oan oant spesjale rêchpûden mei bygelyks twa liter wetter deryn foar de lange ôfstannen. En fia ynternet, de sosjale media en ferskate apps binne tal fan programma, logboeken ensaf. te finen...
2015-08-05
25 min